Brân yn wynturbine

Op yndustryterrein De Wieden op It Hearrenfean is tiisdeitemiddei de turbine fan in wynmûne útbaarnd. It giet om in eksimplaar by bedriuw De Wolf BV dat ûnder oare wynmolens leveret. Hoewol't de brân út is, is it terrein noch net feilich. De brânwacht is benaud dat troch de hurde wyn de wjukken derôf waaie. Der wurdt no besocht dat foar te kommen. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend.