Dokkumer teater wurdt tsjerke

31 okt 2006 - 15:22

Teater De IIsherberch yn Dokkum wurdt definityf in tsjerkegebou. Dat hat de tsjerkeried fan de PKN-gemeente Dokkum/Ealsum/Wetsens besletten. Troch in proseduereflater like de oankeap fan 'e baan. De keap hie twa kear yn 'e tsjerke ôfkundige wurde moatten. It is mar ien kear dien en dêrtroch wie de keap ûnjildich.

De proseduere wurdt no opnij dien. De IIsherberch moat fan 1 septimber 2007 ôf as tsjerke brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)