UEFA matst Verbeek

31 okt 2006 - 14:34

Trainer Gertjan Verbeek sit tongersdei by de UEFA-cup-wedstriid tsjin Odense BK op 'e bank. Yn de foarige wedstriid tsjin it Spaanske Osasuna waard de Hearrenfeantrainer nei de tribune stjoerd. De reden wie dat Verbeek lilk wie op oanfaller Lasse Nilsson dy't op onnoazele wize in twadde giele kaart krige.

It Europeesk fuotbalbûn fûn it net nedich om Verbeek in skorsing op te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)