Wettersportbûn yn swier waar

31 okt 2006 - 14:17

It Wettersportbûn sit yn finansjele problemen. Ferline jier binne alle reserves ferspile troch ûnder oare it mislearjen fan it blêd Skipper. It lanklike bestjoer is opstapt. Heal novimber moat in nij bestjoer oantrede om de swierrichheden op te lossen.

Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân stiet op foardracht om fize-foarsitter fan it lanlik bestjoer te wurden. Hy is no noch foarsitter fan it distrikt noard fan it Wettersportbûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)