Aksje op Friesland College

31 okt 2006 - 07:42

Learlingen fan it Friesland College, ôfdieling hannel, op It Hearrenfean fiere tiisdei aksje. Se binne it net iens mei de wize wêrop't lesjûn wurdt. De learlingen krije allinnich opdrachten. As se in learkrêft oansprekke wolle, is dy der net of hat er gjin tiid, sa litte de learlingen witte.

Op it skoalplein binne spandoeken ophongen en de yngong is ôfset. Ek is de oprit mei auto's barikadearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)