Mear helje út Waadfûns

30 okt 2006 - 17:30

Fryslân soe folle mear út it Waadfûns helje moatte. Dat seit Wouter van Dieren fan ûndersyksburo IMSA. Dat buro is inisjator fan de kommisje Meyer en it Waadfûns.

Twa jier nei de kommisje-Meyer wurdt praat oer hoe't it derfoar stiet mei it Waad. Belanghawwenden, wittenskippers, bestjoerders en natuerbeskermers praten dêr moandei op in sympoasium oer. It docht bliken dat beslútfoarming dreech is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)