Greidefûgel moat werom op it lân

30 okt 2006 - 16:11

De greidefûgel moat werom op it lân. Ut ûndersyk yn fjouwer gebieten docht bliken dat der net genôch aaien fan dy soart útbret wurde. Der komme dus te min greidefûgels om it tal yn stân te hâlden. Net ien wit wêr't it oan leit.

Goed hûndert minsken fan ferskate organisaasjes wienen moandei by-elkoar om kennis en ûnderfining út te wikseljen. As it te lang duorret, kin it sels wol ris te let wêze foar de skriezen en ljippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)