Minder kriminaliteit yn Ljouwert

De kriminaliteit yn Ljouwert is yn it ôfrûne jier ôfnommen. Der wurde minder auto's stellen, der binne minder ynbraken en ek de fermogensdelikten binne ôfnaam. Der is wol in taname fan geweldsynsidinten. Dat docht bliken út sifers fan de plysje Fryslân oer de earste 8 moannen fan 2006.
Ek binne der mear sedesaken en húslik geweldsdelikten. Neffens plysjesjef Jacobs komt dat ûnder oare om't de plysje der mear oandacht foar hat.