Krúspunt Warkum wurdt oanpakt

© Omrop Fryslân
It krúspunt by Warkum yn de N359 wurdt begjin novimber oanpakt. Op de hichte fan de Spoardyk komme neist in rotonde ek in paralleldyk en in stoepe.
Yn ferbân mei de feilichheid foar it ferkear komt der tydlik in aparte ûntsluting sadat it suvelfabryk en de achterlizzende gebieten wol berikber bliuwe. Foar it trochgeande ferkear wurdt in 'bypass' oanlein. Troch dizze maatregels kin de rotonde yn koarte tiid oanlein wurde.