Ofskied aktrise Klaasje Postma

30 okt 2006 - 12:46

Aktrise Klaasje Postma giet mei pinsjoen. De fêste spylster by Tryater is 60 jier wurden en hat 30 jier spile. Se waard yn 1977 frege foar in gastrol by Tryater. Sûnt dy tiid hat se 56 rollen spile. Har lêste stik wie 'Rolling Home'. Dy foarstelling hat se sels skreaun en giet oer har mem.

Klaasje Postma hâldt op mei aktearjen om't se benaud is harsels te herheljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)