'Noardfryslân moat bliuwe'

29 okt 2006 - 17:46

De Fryske minderheid yn Dútslân hat grutte muoite mei it foarnimmen fan it lân Sleeswyk-Holstein om de 'kreis' Noardfryslân opgean te litten yn in folle grutter gebiet. De Friisk Foriining hat de ôfrûne wike yn Berlyn protestearre tsjin it plan om Noardfryslân op te doeken.

Yn in folle gruttere, nije Kreis wurde de Noardfriezen en it Noardfrysk letterlik in râneferskynsel, sa tinkt foarsitter Hahn fan 'e foriining.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)