Snits wint, De Jouwer ferliest

Haadklasser Snits wûn snein op eigen fjild mei 3-2 fan WSV út Apeldoorn. Yn de earste helte soargen Lútzen Brink en Dennis Schat foar in foarsprong fan 2-0. Yn de twadde helte wie WSV better en kamen sy troch twa goals werom yn de wedstriid. Dennis Schat makke yn de 87ste minút de winnende treffer.
De Jouwer ferlear yn Emmen mei 4-2 fan WKE. Nei in 3-0 efterstân kaam De Jouwer noch werom nei 3-2. Troch noch in goal wûn WKE mei 4-2.