Hânballers Stiens ûnderút
De hânballers fan Stiens ferlearen sneon harren earste wedstriid yn de Haadklasse A. CSV út Castricum wie thús mei 37-21 fierstente sterk.
De wedstriid wie in lyts domperke foar de Stienzers, want de earste beide duels yn de kompetysje hie de ploech noch wûn.