Elma de Vries wint maraton

© Omrop Fryslân
Elma de Vries fan De Haule wûn sneon de reedrydmaraton fan Amsterdam. Mei sân oare froulju hie De Vries in rûntsje foarsprong op it peleton. Maria Sterk fan Hallum waard tsiende.
By de manlju wûn Jan Maarten Heideman foar Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap, de Frânsman Cedric Michaud, Roger Schneider fan Wolvegea en Douwe de Vries fan It Hearrenfean. It wie foar Heideman syn 64ste dei-oerwinning yn it maratonreedriden.