Kolleksje Ferwerda nei Marrum

28 okt 2006 - 12:56

De bysûndere kolleksje fan 'e Biltse bûtsiker Leendert Ferwerda hat lang om let in eigen plak krigen. De boeien, netten en tal fan oare saken dy't Ferwerda sûnt 1980 út see fiske by Swarte Haan lizze fan sneon ôf útstald by de Seedykster Toer yn Marrum.

Ferwerda helle hûnderten saken út see, mar dy leine oant no ta by him achter hûs. Fan dit wykein ôf hat de kolleksje in permanint plak yn Marrum, dêr't it alle dagen besjoen wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)