Net genôch omtinken Fryske Taal

28 okt 2006 - 10:45

Der is net genôch omtinken foar de Fryske taal yn de programma's foar de lanlike ferkiezings. Dat fynt de Ried fan de Fryske beweging. Allinnich it CDA hat in stânpunt oer it Frysk opnaam yn it programma.

De ried is net tefreden oer hoe't de keamer de ôfrûne jierren it regear kontrolearre hat en fynt dat ôfspraken op it mêd fan it Frysk net neikaam binne. Dat moat oars yn de kommende jierren, sa fynt de Ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)