Epke Zonderland yn finale op rek
Turner Epke Zonderland hat by de wrâldbekerwedstriden turnjen yn Stuttgart de finale berikt op it ûnderdiel rek. De Lemster einige freed yn de kwalifikaasje op it ûnderdiel as achtste. En dat wie genôch foar in finaleplak.
Op it ûnderdiel brêge waard Epke Zonderland njoggentjinde.