De Kast oefenet wer
Popgroep De Kast hat freed yn Weidum rippetearre foar harren reuny-optreden op 10 novimber op de Fryske Music Night yn it WTC/Expo yn Ljouwert.
Fjouwer jier lyn gong de band út inoar. Sjonger Syb van der Ploeg rjochte doe de band Spanner op. No kriebelet it wer en binne de ûnderlinge spannings fuort. In nije cd fan de band sit der foarearst lykwols noch net yn en in konsert-tour ek net.