Minister Peijs nei Taxi Waaksma

27 okt 2006 - 15:24

Minister Karla Peijs fan Ferkear en Wettersteat komt takom wike woansdei op besite yn Koatstertille. Se is dy dei op wurkbesite. Foar't se nei Koatstertille giet, sil se earst nei Grins om de nije Arrivatrein yn gebrûk te stellen.

Yn Koatstertille sil de minister in besite bringen oan Taxi Waaksma. Se krijt in rûnlieding troch it bedriuw en hat in petear mei de direksje en de meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)