Minder stands op Bedriuwedagen

20 mrt 2012 - 17:25

De Bedriuwekontaktdagen, dy't tiisdei begûn binne yn it WTC Ljouwert, hawwe in tredde minder oan standhâlders. De delgong hat neffens de organisaasje fan de beurs foaral te krijen mei de ekonomyske krisis. Dochs wurde de kommende dagen 20.000 besikers ferwachte. Ferline jier wiene der noch 700 bedriuwen mei in stand, no binne it noch mar 500. Dêrom stiet de Friezenhal yn it WTC dizze dagen leech.

Om de beurs dochs mei in goed gefoel yn te gean, wie trendwatcher Adjiedj Bakas útnoege om de iepening te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)