Boustop loads Dantumadiel

De gemeente Dantumadiel hat in boustop ôfkundige foar in eigen gebou yn Damwâld. It giet om in loads dêr't de sâltstrui-masines fan de gemeente in plak krije moatte.
De loads wurdt oardel meter fan it bedoelde plak ôf boud en no kloppet de fergunning net mear. Dy moat no earst wizige wurde. De bou fan de loads rint hjirtroch wiken fertraging op. Neffens boargemaster Aalberts kinne de fundaminten wol gewoan stean bliuwe.