Teeskinkerij yn Twizelerheide

27 okt 2006 - 11:03

Der komt in rekreaasjefoarsjenning by yn Twizelerheide. Oan it Jinkepaad, oan de râne fan it doarp, komme in teeskinkerij en trije trekkershutten. De hutten moatte tsjinje as oernachtingsakkomodaasje foar fyts- en kuiertoeristen.

It gemeentebestjoer fan Achtkarspelen stiet efter it plan foar de foarsjennings. De teeskinkerij en de trekkershutten komme flakby it toeristyske Kerspelpaed fan de ANWB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)