Bou huzen Techum kin fan start

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert kin begjinne mei de bou fan 105 wenningen yn it allerearste buertskip fan Ljouwert, Techum. Techum is ien fan de njoggen lytse doarpkes, buertskippen, dy't de kommende 20 jier boud wurde yn Súdlannen. Dat is in nij wenplan oan de súdwestkant fan Goutum.
Techum is no noch in terp mei in pleats derop. Dy wurdt yn it nije doarpke opnaam. Der komme yn totaal 250 huzen yn Techum.