Undersyk ynbraken Ljouwert

27 okt 2006 - 10:34

De plysje ûndersiket in ynbraak yn in hûs oan de F. Jacobszstrjitte yn Ljouwert. De dieven namen dêr 800 dvd's, in kamera en noch wat oar guod mei. Se kamen binnen troch it iepenbrekken fan in achterdoar.

Ek yn twa huzen oan Achter de Hoven is ynbrutsen. Dêrby ferdwûnen jild, in kompjûter en in kamera. De technyske resjerzje ûndersiket de huzen op spoaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)