Wurksumheden yn Warkum

27 okt 2006 - 10:31

De ôfslach Spoardyk nei Warkum sintrum is fan moandei ôf ôfsluten foar alle ferkear. Dit yn ferbân mei de rekonstruksje fan de krusing op de N359 by Warkum. It ferkear nei de Spoardyk wurdt omlaat mei buorden.

Troch it wurk ferfalle de haltes fan busline 44 lâns de Spoardyk by it swimbad, de Hearewei en de Lynbaen. Der kin yn- en útstapt wurde by halte De Merk en in tydlike halte by de Hearewei. Dêr rydt ek line 102 lâns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)