Famkes mishannele yn Drachten

© Omrop Fryslân
Oan de Noarderbuert yn Drachten binne tongersdeitejûn twa famkes mishannele. It iene famke hie in klap tsjin de kaak krigen, it oare famke hie in bloednoas. De famkes wiene belutsen by in rúzje mei in oare groep.
In jonge fan dy groep soe de famkes slein ha. Op oanwizing fan tsjûgen waard de jonge troch de plysje oanhâlden op de Stasjonswei. Hy is meinaam nei it buro. Mar ien fan de beide famkes hat oanjefte dien.