Ynbraak foarkaam yn Lekkum

27 okt 2006 - 10:25

De plysje hat freedtemoarn, mei help fan in tsjûge, foarkomme kinnen dat der ynbrutsen waard by in skoalle oan it Leborchpaad yn Lekkum. De tsjûge hearde freedtemoarn betiid glêsgerinkel en warskôge de plysje.

Dy seach dat der in rút ynslein wie by de skoalle. Neffens de tsjûge wiene der yntusken twa manlju fuortrûn. Yn de tunen by de skoalle binne twa manlju oanholden. Se binne meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)