100 minsken by Schipholbetinking

In lytse hûndert minsken ha tongersdeitejûn yn Ljouwert de Schipholbrân betocht. Dat drama hat alve flechtlingen it libben koste. De minsken sieten yn de finzenis op Schiphol te wachtsjen op útsetting.
Sa ek Maribel Rodriguez, in frou ôfkomstich fan de Dominikaanske Republyk. Sy wurke as prostituée op de Weaze om jild te fertsjinjen foar har famylje. De betinking wie foar har, mar ek foar de oare slachtoffers.