Echtpear fertocht fan ûntucht

27 okt 2006 - 10:12

In 51-jierrige frou út Drachten wurdt troch Justysje fertocht in 13-jierrige jonge seksueel misbrûkt te hawwen. De jonge soe fan 1991 oant en mei 1994 troch de frou en har 51-jierrige man misbrûkt wêze yn Gryptsjerk, dêr't it echtpear yn dy tiid wenne.

Se moatte har nije wike foar de rjochtbank yn Ljouwert ferantwurdzje. De man wurdt ek noch fertocht fan ûntucht mei syn minderjierrige soan en dochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)