Ross: Wol wurk foar thússoargers

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan de thússoarch dy't dien krije, ha nei alle gedachten sa wer in nije baan. Dat tinkt steatssekretaris Ross fan Folkssûnens. Ross reagearret dêrmei op de eangst fan de fakbûnen.
Dy ferwachtsje dat de kommende moannen 20.000 wurknimmers fan thússoarch- organisaasjes har baan ferlieze. De steatssekretaris fynt dy foarsizzings te somber. SP-Twadde Keamerlid Agnes Kant hat lykwols gjin fertrouwen yn de meidielings fan de steatssekretaris.