Platekontrakt foar Van Wieren

De Marsumer band Van Wieren hat in platekontrakt krigen by Marista út Dronryp. De single 'Nim dyn tiid' leit healwei novimber yn de winkel.
Van Wieren wûn Liet ferline jier mei 'Nim dyn tiid' en se hawwe mei datselde ferske Fryslân fertsjintwurdige yn Sweden op Liet Ynternasjonaal, twa wike lyn. Marista sil de single útbringe en ûnder de oandacht bringe by de dj's yn Hilversum.