Amelân makket ein oan tekoarten

26 okt 2006 - 23:49

De gemeenteried fan it Amelân hat yn mearderheid ynstemd mei it foarstel fan it kolleezje fan BenW om te kommen ta in slútend mearjierrenperspektyf. Dat moat dan in oerskot opsmite fan 550.000 euro.

Sa sil der besunige wurde op it ûnderhâld fan wegen. Fierders sil de toeristenbelesting omheech gean fan 63 nei 67 sint per oernachting. Ek sil besjoen wurde oft bepaalde ynfestearrings wol dien wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)