Net mear fiskje op spjirring

garnalefisker © Omrop Fryslân
De Vogelbescherming Nederland hat in saak oer it fiskjen op spjirring yn de Iselmar wûn. De Ried fan Steat jout de organisaasje gelyk yn syn krityk dat fûgels te folle te lijen hawwe fan it fiskjen. Dat fiskjen wie offisjeel al stillein, mar moandei giene der dochs fiskers de Iselmar op, op syk nei spjirring.
De Fûgelbeskerming fynt dat de belutsen provinsjes optrede moatte tsjin de fiskers, no't de Ried fan Steat de fergunning derfoar skorst hat. De provinsje sil hanthavenjend optrede tsjin fiskers op spjirring, mooglik mei in twangsom.