Aksje CVVO foar klaaiboksen

© Omrop Fryslân
In offisjeel fuotbaltiim foar froulju sit der foarlopich net yn op De Lemmer. Der is no al net genôch romte om alle manlju in plakje te jaan om har om te klaaien. Ien fan de beide klups fan de Lemmer, CVVO, krige yn 5 jier tiid twa kear safolle leden.
Tongersdei wie der in demonstraasje fan CVVO by it gemeentehûs. De gemeente moat mei jild komme foar nije klaaiboksen, sa fynt it bestjoer fan de klup.