Firefox 2 no ek yn it Frysk

De nijste ferzje fan de populêre ynternetbrowser Firefox is sûnt woansdei ek yn it Frysk beskikber. Neffens oersetter Wim Benes út Ljouwert is de nije ferzje feiliger en sterk ferbettere mei mear en bettere sykmooglikheden. Boppedat biedt de Fryske Firefox altiten it lêste nijs fan Omrop Fryslân oan.
De 'Fjoerfoks 2' wurdt freed fierd op 569 Launch Parties oer de hiele wrâld, ien dêrfan is yn Ljouwert.