Van der Valk mei bouwe yn Snits

De komst fan it Van der Valk-hotel by it Rasterhofpark yn Snits kin troch- gean. De gemeente moat dan maatregels nimme ta beskerming fan de natuer.
De dyk nei it hotel moat ticht op de A7 oanlein wurde en der moat in plan komme om ljochtfersprieding troch it hotel en de A7 tsjin te gean. De beammekap foar de oanlis fan it hotel moat kompenseard wurde. It Rasterhofpark sels krijt oansluting by nateurgebiet Wite en Swarte Brekken.