Trainer Harekiten moat fuort

25 okt 2006 - 21:34

Fuotbalclub Harkemase Boys set trainer Pieter Bijl oan 'e kant. Dat hat it bestjoer besletten yn oerlis mei de spilers fan it earste alvetal. Neffens foarsitter Spinder wiene sawol de spilers as de supporters net tefreden. De trainer soe net goed kommunisearje.

Bijl fynt it frjemd dat er opstappe moat, wylst de resultaten net sa min binne. Hy wie dwaande mei syn twadde seizoen by de amateurklub. Der is noch gjin opfolger fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)