Music Night tenei alle jierren

25 okt 2006 - 17:15

De Fryske Music Night yn it WTC Expo yn Ljouwert moat in jierlikse tradysje wurde. In Frysk feest mei grutte ynternasjonale artysten. Dat seit Mark de Bruijn fan de organisaasje. Grutte lûker by de edysje fan dit jier op 10 novimber is in optreden fan De Kast.

De groep treedt dêr wer yn de orzjinele besetting op. Oarspronklik wiene der 4000 kaarten yn de ferkeap dien, mar dat waard troch de grutte belangstelling ferhege nei 6000.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)