Ljouwert betinkt Schipholbrân

25 okt 2006 - 17:03

Tongersdei is it eksakt in jier lyn dat by de brân yn it sellekompleks op Schiphol alve minsken om it libben kamen. Ien fan har wie Maribel Martinez Rodriguez. Sy hie wurke as prostituée op de Weaze yn Ljouwert.

Foar de slachtoffers en neibesteanden binne tongersdei op it Waachplein en yn de Waalske Tsjerke yn Ljouwert betinkingsbyienkomsten. Foar it soantsje fan Maribel, Jerry, is ek noch in jildynsammeling op tou set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)