Anker & Anker hat skeel mei IM

Der is skeel tusken it advokatekantoar Anker en Anker en it iepenbier ministearje yn Ljouwert. De saak dy't woansdei behannele waard, giet oer it net beteljen fan kosten fan in rapport dat it advokatekantoar sels makke hat.
Neffens it IM binne allinne ûndersiken fan reklassearring te brûken by in rjochtsaak. Advokaat Tjalling van der Goot seit dat by oare rjochtbanken de kosten fan sa'n persoanlikheidsrapport wol troch justysje betelle wurde.