Skiep hâlde gers golfbaan koart

Yn Appelskea is sûnt woansdei in keppel skiep ynset om it gers om de golfbaan hinne koart te hâlden. Earder waard de rûchte om de baan klepele, mar de wurkwize mei de skiep smyt in besparring op fan 17.000 euro it jier.
It is fansels wol saak dat de skiep net op de golfbaan sels komme. Henry Hoiting is ien fan de hoeders fan de skiepskudde. Hy seit dat it net sa dreech is om de skiep fan de baan te hâlden.