Fideoferbining tusken sikehuzen

© Omrop Fryslân
De sjirurgen fan de fiif Fryske sikehuzen kinne ynkoarten mei in fideoferbining oerlis ha oer pasjinten en behannelings. No komme de dokters fan de maatskip sjirurgy noch alle wiken op in sintraal punt by inoar, mar mei de fideoferbining feroaret dat.
Fan woansdei ôf wurdt it systeem foar de ferbinings by de sikehuzen ynstallearre. Op alle lokaasjes komme twa grutte skermen, ien foar oerlis en ien foar ynformaasje oer pasjinten.