Hearrenfean-keeper net nei Iran

© Omrop Fryslân
De tredde keeper fan Sportklub Hearrenfean, Agil Etemadi, giet net yn op de útnoeging fan it Iraanske fuotbalbûn foar it Olympysk alvetal fan dat lân. Op oanrieden fan trainer Gertjan Verbeek rjochtet de Iraniër him op Hearrenfean. Verbeek fynt dat Etemadi te faak en te lang fan hûs is as hy foar Iran kiest.
As Iran him selektearret foar de A-ploech mei Etemadi fan Verbeek wol ôfreizgje.