Fytsster ferwûne by oanriding

25 okt 2006 - 10:37

By in oanriding op de Rûnwei-Noard yn Dokkum is tiisdeitemoarn in 69-jierrige fytsster út Dokkum ferwûne rekke. In 17-jierrige bromfytser út Moarre ried oer de paralleldyk nei de Rûnwei-Noard en woe de fytsster ynhelje.

Op dat momint sloech de frou ôf. In oanriding wie it gefolch. De frou út Dokkum foel en rekke ferwûne oar in hân en it gebit. In dokter hat de wûnen behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)