Man mei ynfalidewein te wetter

25 okt 2006 - 10:36

In ynwenner (83) fan Drylts is tiisdeitemiddei troch noch ûnbekende oarsaak te wetter rekke mei syn ynfalidewein. Troch kordaat optreden fan inkelde omstanners koe de man rêden wurde.

Sa koene se de holle fan de man, dy't noch yn de wein siet, boppe wetter hâlde. Mei help fan in sjorbân koe foarkaam wurde dat de ynfalidewein sonk. Plysjeminsken en omstanners ha de man út syn benaude posysje befrijd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)