Mishanneling yn Grou

25 okt 2006 - 10:27

De plysje yn Grou hat tiisdei in 61- jierrige ynwenner fan Grou oanholden op fertinking fan swiere mishanneling. De man hie yn syn wente oan de Piter Jelles Troelstrawei rúzje krigen mei in 38-jierrige ynwenner fan Grou.

Dêrby foelen klappen. De fertochte pakte ek in mes en stuts de 38- jierrige Grouster yn 'e earm. It slachtoffer koe op it plak sels behannele wurde. De fertochte is ynsletten yn it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)