Trener ONB krijt dien
Fuotbalferiening ONB fan Drachten hat trener Stuiver dien jûn. It bestjoer fan de klub dy't útkomt yn de fjirde klasse B hie de trener earder al op non-aktyf set.
Der is noch besocht it fertrouwen te werstellen, mar dat is net slagge. De jeugdtrener fan de klub nimt foarearst de taken fan Stuiver oer.