Gaswinning Waad kin oangean

24 okt 2006 - 17:21

De gaswinning yn de Waadsee kin yn jannewaris definityf úteinsette. Dat hat de Raad van State tiisdei bepaald. Fûgelbeskerming Nederlân hie beswier oantekene tsjin de fergunning en hie frêge om in saneamde voorlopige voorziening.

De rjochter fûn lykwols dat der net genôch oanlieding wie om sa'n foarlopich beslút te nimmen en dus kin de NAM yn jannewaris los. Yn de rin fan 2007 komt it definitive beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)