'Dubbelspel' fljocht de doar út

24 okt 2006 - 13:37

It fergese boek Dubbelspel dat sûnt freed útdield wurdt by de biblioteken is yn Fryslân kwalik mear te krijen. De kado-aksje rint eins oant healwei novimber, mar is yn feite no dus al dien.

De kâns bestiet dat der in werprintinge komt fan it boek, mar dat is noch net hielendal dúdlik. By alle biblioteken yn Fryslân fljocht it boek de doar út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)