Man bekûgelet supportersbus

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei nei ôfrin fan de wedstryd Cambuur tsjin GoAhead Eagles in 23-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man wie mei twa oaren dwaande om op de Drachtsterbrêge stiennen te goaien nei in bus mei supporters fan GoAhead Eagles.
Plysjes hiene de fandalen dwaande sjoen. Doe't se se oanhâlden woene, naaiden se út yn in auto. De eigner fan de auto koe letter oan it Raaigras yn Ljouwert oanhâlden wurde.